Wennesto of sitsto yn de gemiente Súdwest, Waadhoeke of Ljouwert op skoalle en sitsto yn groep 3, 4, 5, 6, 7 of 8? Én hasto sin yn in wike fol gekte, pannekoeken, spultsjes en gesellichhyd? Dan moast dy fansels opjaan foar Spulwike! Fia ûndersteande link kinst de earste útnoegingsbrief fine dy’t de bern op de skoallen yn de “âlde gemiente” Littenseradiel krigen hawwe. Yn de brief stean de data foar dizze Spulwike, yn hokker doarp we dy ferwachtsje en der wurdt al in lyts bytsje ferklapt oer wat we kommende Spulwike dwaan gean. Dus gauw dellade en opjaan :-)! Want VOL = VOL!

Mear ynformaasje https://spulwike.frl