Ut de neilittenskip fan Aaltje Bonté – de Groot is yn 1960 in fûns oprjochte foar de minder draagkrachtige Easterwierrumers. Troch de gemeentelike fúzje en de stadich ôfnimmende belangstelling hat it fûnsbestjoer yn 2017 besletten om it fûns op te heffen. It oerbliuwende bedrach is oerdroegen oan it Doarpsbelang fan Easterwierrum. It fûnsbestjoer hat tegearre mei it Doarpsbelang kondysjes fêstlein – yn oanslutting op de ynstek fan it legaat – oer de besteging fan de jilden. Mear ynformaasje….