Âlde Toer, do bist fan waarde…
Download it folksliet fan Easterwierrum, as .mp3! (om het bestand op te slaan, klik rechter muistoets en kies “opslaan als”)
De opname is fan 28-09-1993 yn de RDS Studio fan Rein Zwerver yn Snits en makke troch:
Begelieding:
Coos Kuindersma – akkordeon en keyboard
Johannes Dijkstra – drums
Rein Zwerver – synthesizerbas
Yeb Boersma – gitaar
Sang:
Evert P. Boersma
Ytsje Langenkamp
Marieke Boersma
Yeb Boersma
En Om thús te oefenjen, de tekst fan it folksliet fan Easterwierrum:
De âlde toer
(wize: Aan het strand stil…)
Mits de griene greiden stiet dêr
Sa allinne de âld toer.
Iensum, skynd, sûnt d’âlde tsjerke
ûnder slopershannen foel.
Oan syn foet lizze te rêsten
Famylje ús sa leaf en nei.
As wy geane dêr fandinne,
wy tinke oan dy, toer tenei!
Refrein:
Alde toer, dou bist fan wearde,
om dyn âlderdom, dyn bou.
Wy ha dy leaf, al stiest allinne,
âld symboal fan ienheid trou.
Eartiids middelpunt fan doarpe,
no sawat op side skoud.
Mar de namme ‘Tsjerkebuorren”,
bliuwt yn wêzen wol betroud.
d’Bèste modder fan ‘e terpen,
weard omset yn jild en goud.
Grien mar leech bin’ no de pôltsjes,
mar dou, Toer, dou wiest yn rou!
Refrein:
Alde toer, dou bist fan wearde,
om dyn âlderdom, dyn bou.
Wy ha dy leaf, al stiest allinne,
âld symboal fan ienheid trou.
De kom fan ’t doarp no oan ‘e rydwei,
mei syn huzen, âld en nij.
Mei syn stegen en syn glopkes,
toer en tsjerke, twa en nij.
Underskeid yn ’t hillich leauwen,
der is earbied foar elkoar.
Mei dat altyd hjir sa bliuwe,
libje foar en mei elkoar.
Refrein:
Alde toer, dou bist fan wearde,
om dyn âlderdom, dyn bou.
Wy ha dy leaf, al stiest allinne,
âld symboal fan ienheid trou.