Easterwierrum

Easterwierrum is in doarp yn it easten fan de gemeente Littenseradiel. It leit tusken Ljouwert en Snits, east fan Wiuwert. It doarp hat likernôch 320 ynwenners (2004).

Skiednis

Doe’t yn de 17e ieu de Swette groeven waard tusken Ljouwert en Snits kaam Easterwierrum in ein fan it wetter ôf te lizzen. De huzen waarden dêrnei mear rjochting de Easterwierrumer Aldfeart boud, it begjin fan Brêgebuorren. De midsieuske tsjerketoer op in terp herinnert noch oan it âlde stee. De tsjerke kaam allinne te stean doe’t de stinsepoarte fan Gerbrandystate en de state fan de famylje Foghelensangh ôfbrutsen waarden. Tusken 1903 en 1905 waard ek de tsjerke ôfbrutsen en in grut stik fan it tsjerkhôf ôfgroeven, mar de toer bleau stean. Omdat der frijwat hichteferskil ûntstie mei it lân om de toer hinne, waard in muorre om de terp hinne boud. Yn 1911 wie der sprake fan it ôfbrekken fan de toer, omdat der in nije tsjerke yn Brêgebuorren stie, mar dat plan is net trochgien. De toer is sûnt de bou wol ferboud (15890 sa blykt út in tinkstien en is yn 1776 wat ferlege doe’t der in nije punt op kaam. Easterwierrum bestie earder út trije dielen: Tsjerkebuorren, de Brêgebuorren (ek wol Molebuert neamd) en de Dille.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Easterwierrum diel út fan de gemeente Baarderadiel.

Hjoed de dei

Yn it hjoeddeiske doarpsbyld nimt de roomske Sint-Wirotsjerke, in neogotyske tsjerke út 1925 nei ûntwerp fan arsjitekt Wolter te Riele, in prominint plak yn.
Ten noardeasten fan it doarp stiet de Klaaiterpstermûne, in Amerikaanse wynmotor dy’t yn ôfwachting fan restauraasje al foar in gedeelte demontearre is.
Alvestêdetochten op redens, of kano’s of motors komme allegear troch of foarby Easterwierrum.

Mienskip

Easterwierrumers wurde faak hynstetyskers neamd. Eartiids kamen yn juny boeren út de wide omkriten nei de hynstemerk it doarp om hynders te keapjen foar de ûngetiid. De Tysker is it doarpshûs fan Easterwierrum. It is boud yn 2003/2004 mei help fan in soad frijwilligers. De Tysker leit moai oan it sportfjild oan de westkant fan it doarp. De doarpsskoalle hjit de Follefinne. Op 29 april is de oan- en ferbou fan multyfunksjoneel sintrum “de Tysker” yn Easterwierrum offisjeel yn gebrûk nommen. Trije amazônes yn wedstriidtenu brochten in Gouden Toer nei “de Tysker”.
Ferienings

• keatsferiening
• Us Ideaal
• Iisferiening Taaiwar
• It Hin en Wer – badminton
• Berne Iepenloft Spul

Befolking
• 1954 – 402
• 1959 – 365
• 1964 – 375
• 1969 – 344
• 1974 – 337
• 2004 – 320

Ferskaat
• De Dille wie ferneamd om syn Iisherberch.
• Yn it ramt fan it hûndertjierrich bestean fan fanfarekorps “Ons Ideaal” yn 2009 is in jubileumboek makke.

Strjitten

Bûtewei, De Dille, De Finne, Dilledyk, Doarpsstrjitte, Fûgelsangleane, Hegedyk, Mûnestrjitte, Rydwei, Singel, Skuorrehofwei, Tsjerkebuorren, Tsjerkepaad.

Wikipedia