Muzykferiening Harmonie Weidum e.o. is jierdei en fiert dit 10 juny! Dizze sneontejûn rizet der in grut iepenloftpoadium boppe-op it smûkste keatsfjild fan Fryslân. Tusken de beide buorrens sit de taskôger op in noflike tribune en belibbet hja de skiednis tusken 1898 én de takomst.
Nei in mislearre besykjen yn 1896, wie it twa jier letter dan lang om let sa fier. Weidum kriget har eigen fanfare-corps: ‘It is 27 febrewaris 1898. Njoggen Weidumers fine, it moat mar wêze. Ferskate doarpen yn ‘e omkriten hawwe al in muzykkorps, Weidum moat ek in fanfare ha.’
Dat wie it begjin. Dit jier is it 125 jier lyn dat muzykferiening Harmonie Weidum e.o. oprjochte waard.
Ien en ien is…
Mei KROAN NOAT & TOAN Harmonie Weidum 125 jier oan bringt de Weidumer muzykferiening, dy’t hjoeddedei bestiet út sawol in melodische percussionband, in fanfare, in dweilorkest en in grutte jeugdôfdieling, in oade oan har rike skiednis. Mei 75 muzikanten, bekende artysten, gastmuzikanten, nagelnije muzyk, hiele stoere optredens fan de jeugdôfdielings, in grut iepenloftpoadium en in noflike tribune wurdt dit in feest om by te wêzen!
We sjogge jim graach, op it meast smûke keatsfjild fan Fryslân!
Wês derby, bestel hjir dyn kaarten: www.harmonieweidum.nl of streekrocht fia https://www.ticketkantoor.nl/shop/HarmonieWeidum