Twadde priis by it Frysk Kampioenskip Tafeltennis, foar Steven en Johan! Yn de D-licentie, de ienneiheegste klasse. Klasse mannen!

Ôfrûne sneon yn De Trije yn Frjentsjer wie it FK. We hawwe der sels moaie foto’s fan, makke troch Anne Waterlander, fan X-lent Fotografie.

Yn de finale wie it duo fan ODI út Aldegea Sudwest Fryslân te sterk foar ús. Johan hat dêr 22 jier tafeltennisse, fan 1986 oant 2008, en opponenten Anko Baarda en Eelke Cramer witte helaas presys hoe’t sy troch syn ferdedigjende spul hinne slaan kinne.
Steven hat in E-licentie, dus fan him wie it al super knap dat hy mei de mannen fan dit hegere nivo sa goed mei koe. Steven wurdt hieltyd better.

Yn it inkelspul waard Steven tredde, yn de E-licentie. De heale finale wie syn einstasjon nei in lange dei fol prachtige wedstriden.

Johan hie gjin priis yn de D-licentie by it inkelspul. Hy wûn ien wedstryd en ferlear der fjouwer. Dat betsjut dat der woansdei wer treend wurde moat, want freedtejûn stiet de útwedstryd yn de Westereen op it programma!