Op âldjiersdei wie it tsjien jierrich bestean fan karbidploech Easterwierrum. Tusken 13:00 – 17:00 in protte knallen mei 35 bussen op rige yn Easterwierrum. Dit jier mei in nije metoade karbidsjitten. Gjin karbid-blokje mear yn de bus, mar gelyk karbidgas yn’ e bus fia it gasdepot. De âlde karbidploech hâld der mei op, de nije ploech nimt it folgend jier oer! Âldjierdei is ôfslúten mei in fantastysk moai tintefeest!
In koarte yndruk mei foto’s en fideo’s!