Jorwert – Trije fan de seis Gouden Gurbes, dy’t op freed 19 oktober útrikt waarden yn de Harmonie yn Ljouwert, gongen nie it stik ‘De famylje Bellier’ fan it Iepenloftspul Jorwert. Doete Stenekes krige in Gouden Gurbe foar de bêste haadrol.

Se spile de rol fan Famke Bellier mei in protte oertsjûging, sa oardielde de sjuery, dy’t bestie út aktuer Popke van de Zee út Mantgum, teaterresinsint Cilla Geurts (foarsitter) en âld-wethâlder Nieske Ketelaar fan Smellingerlân. It Iepenloftspul krige ek in Gouden Gurbe foar de bêste foarstelling en de taskôgers beleane “Jorwert” mei de publykspriis.

Stern Kok út Itens/Easterein krige in Gouden Gurbe foar syn rol fan Mad Hatter yn it Berne Iepenloftspul ‘Alice yn Wûnderlân’. Dy Gouden Gurbe foar Jong Talint wie in ekstra priis, dy’t de sjuery nei eigen ynsjoch besteegje koe. “It wie gelyk in feest at hy opkaam. Je krigen der in goed sin fan. Hieltyd moai en konsekwint trochspile mei in hearlike kokette wize fan spyljen. In ûnferjitlike gekke hoedemakker. Bliuw asjeblyt toaniel spyljen”. Sa wie it oandiel fan de sjuery oer Stern Kok.

Op ‘e Skille – Nûmer 21 – 31 oktober 2018 – Nijs – Side 3