Holle Bolle Tsjing! Wy organisearje dit jier in digitale Spulwike! Wat!? Spultsjes op de telefoan of tablet? Cool😎. Ja uuh, nee! Wy sille it jim efkes better útlizze: Yn de wike fan 6 oant en mei 10 july posten wy eltse dei werkenbere, smoarge, lekkere en gekke útdagingen fia ús Facebook en Instagram pagina. Hjirby, nûgje wy alle bern, âlders en elts dy’t mar meidwaan wolle, út om mei ús mei te dwaan en dêr moaie foto’s en filmkes fan te meitsjen en yn de reaksjes ûnder de útdaging fan dy dei te pleatsen. Wy hoopje dat wy elkoar hjirmei stimulearje kinne om ûndanks dizze Coronatiid dochs bûten te wêzen en lekker gek te dwaan🥳! Folgje ús op Facebook en Instagram en bliuw op ‘e hichte!