Holle Bolle Tsjing!!
 
Einliks meie we it sizze: De Olympyske Spulwike fan 2021 giet troch! De ôfrûne moannen ha wy mei in entûsjaste groep lieders neitocht oer it mooglik meitsjen fan in leuke, feilige en ferantwurdlike Spulwike. Ek ha wy oerlis hân mei de gemeenten oer de Coronamaatregelen. Dêrom binne der wol wat oanpassingen mar wy binne bliid dat we mei-inoar it Spulwikegefoel wer fiere meie!
 
Set de earste fjouwer dagen fan de simmerfakânsje alfêst op ‘e kalinder. Nije wike woansdei 16 juny om 13:00 oere sil de opjefte starte fia: www.spulwike.frl/opjaan.
 
Let op: fol = fol! Sadra’t it fol is, komt dit by it oanjefteformulier te stean en komme bern automatysk op de reservelist. Spulwike is dit jier foar alle bern twa dagen, omdat wy safolle mooglik bern de kâns jaan wolle om mei te dwaan. Op 4 july krijt elkenien dy’t opjûn is in befestigingsmail en kinst sjen op hokker dagen ast yndielt bist. Mear ynformaasje oer de wike is alfêst te finen op: www.spulwike.frl/fragen.
 
Op 16 juny stjoere we fansels noch in berjocht fia ús Facebook en Instagram, op de dei dat de opjefte losgiet. Graach oant sjen, by de Olympyske Spulwike!