Oer sa ‘n fiif wiken is it sa fier! (13 oant en mei 20 july) giet Spulwike 2019 wer fan start! Dit jier bestiet Spulwike 47 jier en it tema fan dit jier is Spulwike goed USA. Fansels ha wy as stifting en (haad)lieding der alles oan dien om der in fantastyske wike fan te meitsjen foar de bern!

Wy gean der fan út dat it dan skitterjend waar is om allerhanne, by it tema passende aktiviteiten, te dwaan yn en om Easterwierrum. Foarich jier ha wy it ruilspul yntrodusearre en dat wolle wy dit jier wer dwaan. Wy litte de groepen troch it doarp gean om guod te ruiljen. Ha jim dus noch guod wat fuort mei of ruile wurde kin, hâld der dan alfêst efkes rekken mei. Sels bin wy ek al drok oan it sammeljen sadat wy op ferskate plakken yn it doarp guod ruilje kinne. Dus mochten jim op ûndersteande data net thus wêze, dan mei jim jim guod ek de sneons foar Spulwike (13 july) op it keatsfjild bringe. It ruilspul sels sil plakfine op moandei en woansdei tusken 13:00 en 15:00 oere.

Wy hoopje fan herte dat jim as omwenners krekt san geweldige wike ha as de bern. Mochten jo fragen of opmerkings ha, dan kinne jo altiid efkes skilje mei ien fan ús.

Foarsitter: Sybren Beert de Jong (06-18553797 / easterwierrum@spulwike.frl)

Skriuwster / Ponghâldster: Marije de Vries (06-22379242)

Mear ynformaasje oer de spulwike sjoch dan efkes op:

https://spulwike.frl
https://spulwike.frl/easterwierrum