Ofskie fan ’t ûnderwiis, nei 46 jier Juffer S. Reinalda waerd mei gouden medalje eard.

Noch nea yn de 46 jier, dat hja foar de klas stien hie, hie juffer S. Reinalda te Easterwierrum,  har lokael yn sa’n tastan foun as justerjoun. Wis, de Sinteklazetenening stiene jit op it skoalboerd en de berneskilderijkes hingen jit oan ‘e muorre. Ek de earelist fan jonges mei feiten as: “24 febr. – Eerste lijsterzang gehoord – H. van der Veen en 4 mei – Eerste koekoekzang gehoord . . . derop hong der jit. Mar de banken wiene allegearre út it lokael helle en der stiene nou lange feesttafels. De jonges – foar juffer Reinalda yn alle gefallen jit jonges — sieten mar deagemoedereard grouwe segaren te smoken. En der wiene forskate frjemde hearen yn bar lokael: de boargemaster fan Baerderadiel, mr. L. G. Boelens, de gemeentesiktaris, de hear F. Tjaberings en de ynspekteur by it leger ûnderwiis yn ‘e ynspeksje Ljouwert, de hear K. Elzinga. Allinne „de famkes” – lykas „de jonges” ek net sa jong mear – sieten fûleindich te breidzjen en fortsjinnen dizze joun wol in njoggen op flyt.

sjoch foar mear….. https://www.easterwierrum.nl/boargemaster-boelens-spjelde-juffer-s-reinalda-de-gouden-medalje-op