Yn it doarp Easterwierrum stiet de Roomsk Katolike Sint Wirotsjerke te keap. De tsjerke stiet sels op Funda. Mei de pastory der by moat de tsjerke 470.000 euro opbringe, mar de tsjerke is ek los te keap foar in lytse 2 ton. Omdat it om in relatyf jonge tsjerke giet fan 1925 hie de Stichting Alde Fryske Tsjerken gjin belangstelling.

De tsjerke stiet te keap, omdat de tsjinsten te min minsken lutsen. De katoliken fan Easterwierrum en omkriten tsjerkje no yn Wytgaard of Snits.

De tún fan de tsjerke is de kommende simmer yn gebrûk by it berne-iepenloftspul fan Easterwierrum. De tsjerke hat pleatslik belang tasein dat dy aktiviteit dit jier yn alle gefallen trochgean kin. It berne-iepenloftspul is al begûn mei it opbouwen fan it iepenloftteater foar de kommende simmer.

Easterwierrum hat no gjin tsjerkegebou mear dat as tsjerke yn gebrûk is. De eardere herfoarme tsjerke waard in pear jier lyn ferboud ta fakânsjewente foar minsken mei in beheining. Undernimmer Paul de Cock krige ek de katolike tsjerke oanbean, mar hy sjocht foarearst gjin mooglikheden om op ‘e nij in tsjerke te ferbouwen. Omrop Fryslân, 26 Maart 2014 – 18:39

Sjoch foar mear informaasje op www.funda.nl

Berjocht nije ynwenners fan de Tsjerke: Reinder van der Land – 16 maart 2017

Hoi, wy binne de nije, grutske eigeners fan de Sint-Wiro tsjerke. Wy binne al in bytsje
begûn mei wat sloopwurksumheden en sa hawwe wy ek de tsjerke-banken los helle.
Mochten jimme ynteresse hawwe yn ien fan de banken, dan hearre wy dat graach.
wy sjoche der nei út om de tsjerke om te toveren oant ús wenhûs, mar foardat it
safier is, sil noch wol efkes duorje. Omdat Easterwierrum net sa grut is, sil it net lang
duorje foardat wy kennis mei jimme meitsje sille.

Freonlike groetnis en oant sjen, Reinder van der Land en Petra Wierstra.