Op 28 septimber 2016 wie de reüny skoalle Easterwierrum yn de Tysker te Easterwierrum, fersoarge troch Jetze Dijkstra, Jeen van Manen en de Histoaryske Kommisje ‘De Easterwierrumer Freonerûnte’.

Fansels wienen der earst de nedige tariedingen nedich foardat dit barren úteinlik plak fine koe. It wichtichste wie wol dat Jeen en Jetse de adressen en gegevens efterhelje moasten fan de âld klasgenoaten. Der moasten ôfspraken makke wurde mei de katering en “De Tysker” en “De Histoaryske kommisje” waard ek ynskeakele om de seal oan te klaaien, in presintaasje ta te rieden en te oberjen dizze dei. En ja, dan is it einlik safier…

De earste reunisten kamen elkoar al tsjin op wei nei de Tysker en stean dan al mei elkoar te keuveljen…Ien ding is wol dúdlik at se úteinlik allegear yn it kafee sitte, it is al gau tige noflik. Prate, elkoars foto’s besjen, herinneringen ophelje en de praatsjes fan ferskiedene sprekkers dogge de gesellichheid  seker gjin skea. Sa as in reuny wêze moat sa is it; in bysûnder barren mei in emosjoneel tintsje. Jetse Dykstra wit mei syn praatsje oer it eartiidske Easterwierrum dit tintsje seker by de minsken oan te wakkerjen. Doe’t oan it ein fan de middei Joast en Rein âlde ferskes begûnen te sjongen mei as eintsje beslút it Easterwierrumer Folksliet wie it wol dúdlik dat dizze dei tige slagge wie!

Reunisten: Douwe Boersma, Douwe Ferwerda, Sjoukje Altenburg, Rimmert Stoelinga, Tineke Veenstra-Hoekstra, Limmie Roorda Geert Valkenhof, Jelle Zoethout, Auke Hoekstra, Joost Stoelinga, Annie Zoethout, Albert Stoelinga, Ine Altenburg, Jetze Dijkstra, Jeen van Manen, Eddy Groen, Bauke Schoustra, Rimmie Pietersma, Nelie Schaafsma, Hendrik Weiland, Jeltje Weiland, Rimkje Kamsma, Rintje de Schiffart, Tine Sypersma, Coby Boersma, Boukje de Vries, Bouke Hoogma (afwezig), Tjittie Sijbrandy, Rein Weiland, Evert Ligthart, Bennie Ferwerda, Catrien Stoelinga.

skoallefoto-1950

It programma:

10:30 – 10:50 It iepeningswurd fan Jeen van Manen

10:50 – 11:15 In blik werom yn de tiid troch Jetze Dijkstra

11:15 – 12:30 Byprate mei âld klasgenoten

12:30 – 13:30 Lunch

13:30 – 13:45 Ferhaal oer de Histoaryske Kommisje Easterwierrum troch Stephan Kurpershoek

13:45 – 14:15 Presentaasje fan âlde foto’s

14:15 – 14:45 Presentaasje fan twa âlde films oer Easterwierrum

14:45 – 16:00 Bijprate mei âld klasgenoten

Fideo’s binne makke troch Geart Siesling

Foto’s binne makke troch Geart Siesling