Op sneon 27 februwaris 2016 wie it Repair Cafe Easterwierrum en itensiede mei restjes yn de Tysker iepen tusken 14:00 – 17:00. Een Inisjatyf fan Bewust Grien.
Repair Café
Wat dogge jo mei in bôleroaster dy’t net mear wurket? Mei in fyts dêr’t it tsjil fan oanskaaft? Of mei in trui dêr’t gatsjes yn sitte? Fuortgoaie? Moai net! Bewust Grien Easterwierrum organisearret op sneon 27 febrewaris it alderearste Repair Café fan Easterwierrum.
Yn de Tysker draait it 27 febrewaris allegear om reparearjen. Fan 14.00-17.00 oere steane der ferskate frijwillige reparateurs klear om fergees te helpen by alle mooglike reparaasjes. Ek ark en materialen binne oanwêzich. Wa’t it Repair Café besiket, nimt fan hûs kapot guod mei. Bôleroasters, lampkes, föhns, klean, fytsen, boartersguod, diggelguod… Alles wat it net mear docht, is wolkom en makket kâns op in slagge reparaasje. De reparateurs yn it Repair Café witte hast altyd rie.
Wêrom
Troch reparearjen te promoten wol Bewust Grien Easterwierrum bydrage oan it lytser meitsjen fan de ôffalberch. En dat is hurd nedich: yn Nederlân goaie wy in protte fuort. Ek dingen dêr’t hast neat mis mei is en dy’t nei in ienfâldige reparaasje wer goed te brûken binne. Spitigernôch sit reparearje by in protte minsken net mear yn it systeem. Mei it Repair Café wolle wy dêr feroaring yn bringe.
Mei elkoar en foar elkoar
It konsept Repair Café is ûntstien yn 2009 yn Amsterdam en is in inisjatyf fan Martine Postma, eartiids sjoernalist en publisist. Se rjochte yn 2010 Stichting Repair Café op (sjoch repaircafe.nl); dizze stichting biedt ûndersteuning oan lokale groepen út de hiele wrâld dy’t sels harren eigen Repair Café begjinne wolle. De stichting stipet ek it Repair Café yn Easterwierrum.
Duorsumens
Reparearje besparret in protte jild en kostbere grûnstoffen en soarget foar minder CO2-útstjit. Mar boppedat wolle wy mei it Repair Café sjen litte dat reparearje leuk is, en faak hiel ienfâldich.
Stichting Repair Café
It konsept Repair Café is ûntstien yn 2009 yn Amsterdam en is in inisjatyf fan Martine Postma, eartiids sjoernalist en publisist. Se rjochte yn 2010 Stichting Repair Café op (sjoch repaircafe.nl); dizze stichting biedt ûndersteuning oan lokale groepen út de hiele wrâld dy’t sels harren eigen Repair Café begjinne wolle. De stichting stipet ek it Repair Café yn Easterwierrum.
Repair Café op werhelling
Bewust Grien Easterwierrum wol nei 27 febrewaris entûsjaste minsken ûndersteune en oanmoedigje om sa no en dan in Repair Café yn Easterwierrum te organisearjen. Wannear’t der genôch belangstelling blykt, is it miskien mooglik om in team gear te stallen dat him dêrmei dwaande hâlde wol.
Ús eigen Repair Café, in geweldich idee
Itensiede mei restjes is moai
In nij jier is begûn; de heechste tiid om al dy goeie foarnimmens no ris echt om te setten yn dieden!
It is wier, wy binne al in aardich eintsje op wei yn 2016, mar foar it útfieren fan goeie foarnimmens is it nea te let.
Utjouwerij Loopvis helpt jo dêr graach by en presintearret dan ek grutsk syn boek “Koken met restjes is leuk.”
Lit jo ferrasse op sneon 27 febrewaris
Alle jierren ferspille wy per persoan 50 kilo oan iten. Dat soks hielendal net nedich is, litte Daisy Scholte (auteur) en Jill Overmaat (kreatyf foarmjouwer) sjen yn harren boek: Koken met restjes is leuk. Daisy en Jill jouwe 500 maklike, smaaklike en goedkeape tips om it fergriemen fan iten te foarkommen. Fan ferskate “klyk-techniken” oant de griente- en fruitkalinder: it fuortsmiten fan iten tsjingean wie noch nea sa simpel
en leuk.
Marije Sietsma is de útjouwer fan it boek ‘Koken met restjes’ wie sneon 27 febrewaris oanwêzich om al jo fragen te beäntwurdzjen, tips te jaan en suggestjes oan de hân te dwaan.
De foto’s binne makke troch Esther Jongste.