Op 28 maart hat it korps Ons Ideaal, it Doarpskoar Easterwierrum en de bern fan basisskoalle de Fôlefinne in Peaskekonsert organiseare. It hiele programma wie ôfstimd op Peaske en de maitiid, nûmers wiene û.o. in fragmint út de Matteüs fan Bach, in stik út Jesus Christ Superstar. Koarferskes yn alderhanne talen, û.o. Da Pacem yn it Latyn en La Paz del Señor yn it Spaansk.
Tsjerke
It spektakel is om 19.30 oere útein setten yn de Roomske Tsjerke fan Easterwierrum. Dêr is troch it korps ferskeidene stikken spylje, it koar hat songen en ek de skoalbern lieten harren hearre. Jantsje Huizinga fersoarge de teksten tuskentroch.
Doarpshûs
It konsert einige yn doarpshûs de Tysker, fansels ek mei muzyk en sang en in gesellige neisit. Ien fan de ferskes dêr is Wêr sjogg’ jo sa’n romte, fan Tetman de Vries, dy’t krekt 100 jier lyn berne is.