De Hassiebassie rintocht foar weesbern yn Kenia

Op 31 desimber organisearret de Stichting Doch Dyn Dream in kuiertocht fanút de Wjukken yn Mantgum. Dizze kuiertocht komt ek troch Easterwierrum. Tidens dizze tocht is der in fleurige act fersoarge troch Symen Sjoerd de Vries, yn Easterwierrum faaks better bekend ûnder de namme Ebenezer Scrooge. Boppedat is der healwei de tocht de mooglikheid foar in fersnapering op ‘e Dille en nei de tiid stiet der yn ‘e Wjukken yn Mantgum in kop snert foar jim klear. De folsleine opbringst is foar in skoalle foar weesbern yn Kenia. Foar mear ynformaasje en ynskriuwing sjoch op www.dochdyndream.nl