Op 24 septimber 2016 is in prachtige Jeu de Boules baan yn Easterwierrum oplevere troch de firma Cofri Miedema en Strikwerda Machinist ferhier. Fanôf 16 septimber oant en mei 24 septimber binne de mannen mei de baan dwaande west. De baan leit njonken de Tysker en der binne twa sitbankjes by pleatst. In moai stikje fakwurk. Op sneon 29 oktober 2016 om 16:00 oere is de iepening fan de Jeu de Boulesbaan by de Tysker, under it genot fan in hapke en drankje.