Bêste ynwenners fan Easterwierrum,

En dan is it stil yn Easterwierrum, gjin bern by de Tysker dy’t oan’t oefenjen binne, gjin heiten en memmen en oare frijwilligers dy’t drok mei it dekôr oan’t bouwen binne of dy’t drok dwaande binne by de giele keet om alle nedige attributen byinoar te sykjen ……… krekt as alles leit spitigernôch ek it Berneiepenloftspul stil……..
Oars soene jimme om dizze tiid hinne hieltiten faker minsken yn it doarp sjen dy’t frjemd foar jimme binne, mar wêrfan’t jimme wisten dat se by it BIS hearden as se nei de Tysker en omjouwing riden.
En dan soenen wy takom wike de premjêre belibje fan it 30ste Berneiepenloftspul ‘Troch de Raarder Bosk’! Mar dit jier is alles oars ;

It BIS-bestjoer wol jimme graach witte litte dat wy wiis binne mei ús plakje yn Easterwierrum, al binne we der op it stuit net sa folle mear. Mar we hoopje dat we der takom jier wer in soad wêze meie en dat we dan wer faak yn Easterwierrum te sjen binne!

Tige tank foar jimme meiwurking fan alle ôfrûne jierren en we hoopje oant yn 2021!!

Groetnis it BIS-bestjoer