Nijjiersresepsje 2 jannewaris 2016
It wie 16.00 oere doe’t Bokke Eekerk as earste de Tysker binnenkaam. Al gau kamen der mear en it wie al gau drok en noflik yn it kafee under it genot fan in hapke en slokje.
De fotopresintaasje wie ûndanks dat it in werhelling wie, wer in sukses. It wie al gau dúdlik dat de minsken om 20.00 oere noch net útpraten wienen…..De âlde swets en swearferhalen kamen yndie wer út de âlde doaze. Sommige minsken wienen sels sa yn de âlde sfearen dat de sigaren wer oanstutsen waarden. Baukje en Han namen de sfear sels mei nei hús en togen mei twa âlde tafelkleden ôf om der thús fjirder op nei te buorreljen. Nei noch wat praatsjes oan de bar wie it om in oer as 23.30 tiid om de brut wer skjin te meitsjen.
Doet we hast klear wienen krigen we noch in kear besite….it wie in ploech Dútske jongelju ut Bielefeld dy’t yn it fakânsjehûs fan Ievers sieten op dat momint. Na ja, dat wie wol spesjaal fansels dat die der noch efkes ynkomme woenen….dus de muzyk wer oan en de ferljochting wer op dimstân. De vieux foel wol aardich yn de smaak by dit folk en sa koenen we de fles vieux dy’t al tiden yn it kafee stie oan se ferpatse. We koenen it aardich pratende hâlde dus doe wie it al wer 03.00 oere foar we thús wienen. In maraton fan 12 oeren….
De Histoaryske Kommisje