“BIS spilet dit jier ‘Lytse Pier en de flok fan it berneiepenloftmuseum’ wat in bewurking is fan de film ’A Night At a Museum’ is. De besikers wurde yn dit ferhaal meinaam nei it Berneiepenloftmuseum yn Fuottenein. In museum fol karakters dy’t wat betsjutten hawwe foar de Fryske kultuer, mar…….. der is wat mei dat Berneiepenloftmuseum. It is in museum dêr’t, sa gau’t de klokke middernacht slacht, de museumstikken ta libben komme. De museumstikken dy’t oerdeis keurich op harren fuotstik stean, mar yn ‘e nacht harren âlde rom en ear herinnerje. En se komme net allinne ta libben, se wolle der út om yn ‘e wrâld fan 2024 ek harren rol te spyljen, om de rike Fryske kultuer dêr’t se diel fan útmeitsje te ferdigenjen tsjin alles wat dy kultuer bedriigje wol! Museumstikken dy’t nachts ta libben komme. Spannend! Mar doocht dat wol? De besikers sille mei al dy nijsgjirrige Fryske kultuerfigueren yn ‘e kunde komme. Dat wurdt hiel learsum, mar ek hiel dwaas en bespotlik. Hokker kultuerfigueren soene we allegear tsjin komme kinne yn juny?
BIS winsket elkenien in moai stikje kultuer ta en hopet jimme te sjen!
De foarstellingen binne ein juny, te begjinnen mei de première op tongersdei 20 juny oant en mei sneon 29 juny.
De kaartferkeap is fanôf 1 april los!