In groep fan 8 persoanen besteande út Fetsje, Peter, Tsjitske, André, Adelma, Jehannes, Jelle en Bregt sille yn febrewaris nei Kenia om dêr te helpen mei it bouwen fan in tredde skoalgebou. Mei as wurktitel K’s foar Kenia (kuierje, kwisse, kantklossen, knippen, koeken, krentebollen, klune, keatse foar Kenia) sille sy besykje om foar dat sy fuortgean 10.000 euro op te heljen. Dêrfoar stean yn elts gefal aksjes op it pogramma.

No oankommende sneon 9 novimber 2019 is de Kwisse foar Kenia yn de Tysker te Easterwierrum. Organisearre troch de activiteiten kommisje Easterwierrum.

Mear ynformaasje sjoch dan op side dochdyndream.nl