Dizze groep minsken hat harren it ôfrûne jier enoarm ynsetten om safolle mooglik jild foar Doch Dyn Dream yn te sammeljen en dat is slagge! Doel wie jild foar in nij skoalgebou (it tredde gebou yn Kenia) yn te sammeljen, en dit bedrag is róm helle! En witte jimme wat sa leuk is? André, Tsjitske, Jehannes, Adelma, Bregt, Peter, Fetsje en Jelle sille sels it dak op it nije gebou sette en dêrnjonken de besteande gebouwen opfleurje.

Sy fleane oer 2,5 wike nei Kenia! Oh ja, gjin noed: it jild dat ‘oer’ is, kin brûkt wurde foar it fjirde en lêste skoalgebou. As dat der is, ha alle klassen harren eigen lokaal.

Donearje kin fansels noch altyd. Aksjes sille ek gewoan trochgean, mar earst de focus op de reis foar de Friezen nei de rimboe!

www.dochdyndream.nl