Dineke Nauta (1992) groeide op yn Easterwierrum. Doe’t se njoggen jier wie begûn se saksofoan te spyljen by it korps fan Easterwierrum, Ons Ideaal. Fan 2008 oant 2010 studearre se oan it Prins Claus konservatoarium yn Grins en sûnt 2010 oan it konservatoarium yn Amsterdam, dêr’t se no ek wennet. Dineke hat al ferskate prizen op har namme stean en optredens yn in protte bekende sealen yn binnen- en bûtenlân. Op dit stuit is se dwaande mei har masterstúdzje en spilet se û.o. yn it Ebonit saksofoankwartet en it Nederlânsk saksofoanensemble. Op 23 april sil se solo it prachtige lûd fan har ynstrumint hearre litte yn stikken fan û.o. Telemann en Debussy.
It Doarpskoar Easterwierrum bestiet út 15 froulju en manlju en is in typysk SATB-koar (sopraan/alt/tenor/bas). It bringt ditkear in ynteraktyf programma fan lietsjes oer de leafde, oer Fryslân en oer de maitiid, ûnder de ynspirearjende lieding fan en begelieding troch masterdirigint, -komponist en dichter Hindrik van der Meer. Ek Dineke sil by in tal lieten fan it Doarpskoar Easterwierrum meispylje.
In unike gearwurking!
Sneon, 23 april om 20.00 oere wie it dan sa fier. Sa’n 60 minsken ha genietsje kinnen fan dizze unike gearwurking fan Dineke en it doarpskoar Easterwierrum yn de De Tysker.
Mear ynformaasje oer Dineke sjoch ûndersteande:
facebook.com/fanfare.onsideaal
http://www.nederlandssaxofoonoctet.com
http://ebonitquartet.com
Een mooi krantartikel over Dineke Nauta in het Friesch Dagblad van zaterdag 14 november 2015.
Ze begon ooit met saxofoon te spelen bij fanfare Ons Ideaal in Easterwierrum. Nu speelt ze in de mooiste concertzalen van Europa met haar kwartet. Afgelopen weekend viel ze dubbel in de prijzen.