De Jeugd Sponsor Actie fan supermerkketen Poiesz hat freedtejûn 12 april yn it WTC Expo yn Ljouwert 560.000 euro útkeard oan sportferieningen út it noarden. Grutte winner is fuotbalferiening Harkema Opeinde. Se krije in bedrach fan 1706 euro.

Keatsferiening Easterwierrum hat mei de jeugdstipersakje Poeisz in bedrach fan € 979,- oan Poieszmunten sammele fia de Poiesz yn Mantgum. In fantastyske prestaasje.

Njonken dat de klups harren sjek yn ûntfangst namen wie der ek noch in muzykprogramma mei artysten as O’G3NE, Kraantje Pappie en Tim Douwsma.

Foar mear ynformaasje oer de aksje sjoch dan op omropfryslan.nl.