Op sneon 11 maart 2017 fierde fanfarekorps “Ons Ideaal” yn Easterwierrum karnaval. It sette middeis om 16:00 oere útein mei in optocht troch it doarp dêr’t elkenien ferklaaid om mei dwaan koe. Om 16:30 oere begong it konsert, mei meiwurking fan Frerik de Swetser. Wannear it program fan it korps dien wie, sette Frerik noch efkes troch. Lokaasje fan dit alles wie doarpshûs ‘De Tysker’ yn Easterwierrum.
Alle jierren hâldt it korps in konsert mei in bepaald tema. Dat tema komt yn ‘e muzyk, yn ‘e klean fan de muzikanten én publyk en yn ‘e oanklaaiing fan de seal werom. Dat kin fansels mei it karnaval net oars. It korps stiet sûnt 2007 ûnder lieding fan Menno Haantjes dy’t de muzikanten yn in goede en noflike gearwurking nei moaie optredens en resultaten liedt. Menno Haantjes wurket as koperdosint by ferskate muzykferienings en muzykskoallen.
Yn de jierren 70 – 80 wie der ek karnaval. Dit jier wie in prachtich feest foar jong en âld en wa wit ha wy takom jier wol wer karnaval.