Neidat krapoan trije jier lyn op it sportfjild njonken doarpshûs ‘De Tysker’ yn Easterwierrum in jeu de boulesbaan oanlein is, hat nei twa simmers bliken dien dat der in soad belangstelling is om op woansdeitejûn hjir gebrûk fan te meitsjen. Om mear minsken tagelyk fan dit spul genietsje litte te kinnen kaam op de ledegearkomste fan de Enerzjy Koöperaasje Easterwierrum (EKE) in fersyk foar in finansjele bydrage om de baan út te wreidzjen. Dizze fraach is oan de leden fan EKE foarlein en mei mearderheid fan stimmen is hjirmei ynstimd. Der is dan ek beslúten om tûzen euro beskikber te stellen foar de útwreiding fan de Jeu de Boules baan. Begjin july is de cheque op de baan yn oanwêzichheid fan de measte Jeu de Boulers troch skathâlder Lieuwe Brandenburgh fan de enerzjykoöperaasje útrikt oan Hedzer van der Meer.

Op ‘e Skille – Nûmer 14 – 21 augustus 2019. Foto: Tjitske Bootsma