It binnenpaad fan Mantgum oer Tsjerkebuorren en Brêgebuorren nei de Dille (oftewol it Jabikspaad)

R. de Schiffart

Eartiids gong men oer it tsjerkhof fan Mantgum nei Tsjerkebuorren. No komt men njonken it tsjerkhof yn it Waigat ut. Dit, omdat der yn Mantgum nochal wat ôf groeven is. We rinne dan yn it ferlingde fan de no besteande dyk, hast oan de famylje Fopma ta. Der stie foarhinne ek in huzinge oan de rjochterkant fan it paad. Dit is noch dúdlik te sjen yn it lânskip : der leit noch wat in ferheging.

It paad nei Tsjerkebuorren is – sa blykt ut de archiven – ferhurde yn 1837 – ’38.
Der stiet beskreaun: Voetpad van Mantgum, loopende vanaf het Hornleger de zathe en landen bij lP.Swierstra, in gebruik gemeente Jorwerd sectie A no. 351 tot aan het Zet van H D Zijlstra bij het perceel No 40 sectie B de gemeente Oosterwierum, lang 1796 ellen. Dit voetpad is aangelegd in 1837 – 1838 En de kosten van hetzelvge hebben bedragen de somma van ƒ 1953, 651/2 . De kosten zijn geheel betaald door de Hervormde Kerkvoogdij van Mantgum en Schillaard en in de rekeningen van die administratie over 1837 – 1838 verantwoord.”
Op ‘e hichte fan G. Fopma geane we dan dwersoer nei de Túnpôle. Om it goede paad te rinnen, soenen we dwers troch de no besteande lizbox rinne moatte.” Der geane we wer dwers-oer nei Tsjerkebuorren. It earste brechje dat we dan tsjinkomme, is it Set, dêr’t yn it boppesteande oer praat wurdt. Fanôf dit brechje wurdt it paad nei Brêgebuorren ta ferhurde yn de jierren 1840 – 1841 foar de priis fan ƒ 1138,211/2.

Yn totaal brûkte men hjir 83.500 ‘geeltjses’ foar (se kosten ƒ 7,25 de tûzen en 60 sinten fracht…) De
Griteny betelle hjir 60 % fan en de oare 40 % moast út frijwillige bydragen komme. Sa fûn ik op de rekken: “Pieter 1 dag steenen uit de vaart gevischt – 90 cent en Uiltje 1/2 dag steenen uit de vaart gevischt – 40 cent .”..”

Tsjerkebuorren

We ferfolgje ús reis nei Tsjerkebuorren. We komme dan earst achter de Kleasterpleats lâns .Dizze pleats hat yn it besit west fan kleaster Blomkamp, seit de oerlevering. Oan de rjochterkant fine we dan – niastate, dêr’t no de famylje Nauta wennet .Oan de rjochterkant fan de pleats is in grutte tún mei noch al wat stinzeplanten (bosktulp e.o.). Se steane ek op it hiem fan de kleasterpleats. Geane we oer it brechje fan de Kleasterpleats, dan ha we links Gerbade-state, dêr’t de Tsjerkebuorren Jabikspaad Easterwierrumpoarte – as lêste – ôfbrutsen is. De tagong nei Gerbade-state fanôf de Hegedyk wie deselde as fan de Kleasterpleats. Allinne ha se der no in feart groeven, krekt yn de bocht fan dizze reed.
De pleats fan Gerbade-state is boud yn 1819. Yn de muorre sit in tinkstien mei it opskrift “:Op de 17 April Anno 1819 hebben Rymke Lunia Cats, oud vijf jaren, en Boukje Cats, oud drie en een halfjaren, de eerste steenen aan de huizinge gelegd.”

Dan rinne we rjochting de toer, dwers oer de greppels. Eartiids – nei de ôfgraving fan de terp – lei der oer elke greppel in plankje. Foar dy ôfgraving gongen de minsken rjochts fan de tsjerke lâns, tusken de tsjerke en de skoalle troch. Njonken dy skoalle stie it skoalhûs, dêr’t de koster-skoalmaster wenne. Fan 1827 oant 1860 wie dat Wybrandus Haanstra. Syn jierlean wie f 160 fan de tsjerke en noch f 100 fan de gemeente + it gebrûk fan de tún en fergees wenjen, fjoer en ljocht. Hy moast wol foar de tsjerkfâdy it kosterswurk dwaan, en sneins foarlêze en foarsjonge of oargelspylje yn de tsjerketsjinsten. Op skoalle “werd van hem bepaaldelijk gevorderd, dat hij met uitzondering van de vastgestelde vakantien op Kerst, Paasch en Pinksterweek als ook op zaterdag van iedere week elke dag des morgens van 9 tot 11 uur en des namiddags van een tot drie uur gedurende de tijd van den 20 September tot den 20 Maart. En van den 20 Maart tot den 20 September elke dag des morgens van 8 tot 11 uur en des namiddags van 1 tot 4 uur onafgebroken zich in de school met het onderwijs
der jeugd bezighoud, gelijk mede des avonds in de Avondschool bij aldien zich hiertoe een vierde gedeelte van het getal der kinderen op de Dagschool aanbiedt, waarvoor hij genieten zal, behalve de
vergoeding van vuur en licht, de dubbele schoolpenningen…”

De skoalle hie de yngong en útgong op it tsjerkhof. Dêr wie ek doe noch al wat krityk op.
Dit tsjerkhof wie yn eigendom by de Herfoarme Tsjerke, mar ek de Katholike tsjerkeleden waarden
hjir begroeven. Hjir is ‘gewijde’ierde. Jo moatte my net freegje, wannear’t dizze grûn wijd is, ik wit it net.
As jo hjoed de dei op it tsjerkhôf steane en om jo hinne sjogge, dan kinne jo sjen hoefolle der ôf groeven is. Der binne plakken by, dêr’t mear as fjouwer meter grûn ôthelle is…

Brêgebuorren

As wy fierder rinne, dan stie de âlde pastory oan de rjochterkant. Dêromhinne lei it Kanaal, dat brûkt waard om modder ô te fieren nei de sintrale opslach, rjochting Brêgebuorren. De pastory waard om 1900 hinne ferhierd oan soms wol trije gesinnen tagelyk. Bygelyks oan in hear Terra, dy’t de terp kocht hie om him ôf te graven. Hy is hjir net ryk fan wurden…

Twa net ferhurde paden rûnen nei de Hegedyk. It iene dwers troch it lân nei Simen en Coby Schoustra. It oare, it lykpaad, kaam achter Ids Willemsma út. Oan dit paad stienen noch twa wenten; ien healwei de dyk en ien oan de Hegedyk.

Fanôf it tsjerkhof geane we no rjochting Brêgebuorren, wer dwers troch it lân, de brechjes bylâns, dy’t al fan fierren te sjen binne. By it lêste brechje reitsje we it paad bjuster. Foarhinne rûn men altyd oer it ferhurde paad nei it Heechhout by Vogelzangstate.
In pear jier ferlyn is dit fernield, omt it lân egaliseard waard. De ûndemimmer koe it stik lân no watoosterwierum hoge brugje
makliker (foardeliger) egalisearje en as lean krige hy de geeltsjes mei nei hûs ta… .It Heechhout, dêr’’t
mannich jong pearke har troufoto op meitsje litten hat, waard ôfbrutsen.
No rinne we oer betonplaten hinne en komme sa op de Vogelzangleane. Vogelzangstate is ôfbrutsen, de pleats is oerbleaun. De state stie achter de pleats. Ek hjir is nochal wat grûn ôfgroeven en ferkocht nei earme grûnen. Sa folgje we de Vogelzangleane en sjogge oan ús rjochterhân de nije pastory, boud yn 1876. Op de 2e April waard de earste stien lein troch de tsjerkfâden, mr Van Haersma Buma, Johannes Hanses de Groot en Albert Klazes Brandenburg.Earste Stien N. H. Tsjerke Jabikspaad Easterwierrum
Njonken de pastory stiet de nije tsjerke, boud yn 1902 ( de tsjerke op Tsjerkebuorren is doe ôfbrutsen). De toer is der letter – yn 1911 – foar boud. Dit is ek dúdlik te sjen: de toer is net goed oan de tsjerke ferankere. De tsjerkfâden wienen yn dy jierren J. van der Meer, D. Koopmans en D. Leyenaar.
By it bouwen fan de tsjerke hat men der rekken mei holden, dat de tsjerke fier genôch fan de Rooms-Katholike tsjerke kaam . De ôfstân wie 127 meter en dat wie genôch….

As we fierder geane, dan fine we de âld skoalle boud yn 1873. Nei jierren fan striid is dy úteinliks doch op BrêgebuorrenAld Skoalle Jabikspaad Easterwierrum bedarre. Soms kamen der fan Tsjerkebuorren mar 6 bem , wylst der fan Brêgebuorren mear as 40 bern op skoalle sieten… De skoalmaster waard betelle troch de tsjerke, dat ferklearret it ien en oar.
Njonken de skoalle stie it skoalhûs yn deselde roailine. Letter is dy wente in stik nei achteren set.
In fjirtich meter fierder, oan de linkerkant, yn de âlde bebouwing, stie de R.K. pastory. Dêr achter
de tsjerke. De yngong fan de RK- tsjerke wie oer it Tsjerkepaad.
Op it ein fan it Tsjerkepaad (fanôf de Hegedyk rekkene) wie dan de âId Haven. Yn dizze hoeke stienen de huzen deun op elkoar en wennen in protte minsken mei faak grutte húshâldens. Der hat in tiid west, dat der út dit lytse hoekje fan Brêgebuorren wol 40 bern op skoalle gongen.

Oan de rjochterkant – tsjin de Hegedyk – stie Taaiman, in kafee dêr’t de izeren stangen oan de muorre sieten foar de kealledriuwers, dy’t yn Easterwierrum efkes skoft holden, foardat se de bisten – faak troch it tsjuster – nei de wykmerken yn Ljouwert of Snits brochten. It kafee wie dan iepen.
Ek op de hoeke fan de Dille -dyk stie in kafee.: de drie Roskammen. Dit pand hat no in wenbestemming.
Foarhinne rûn de feart dwers troch de buorren hinne en wie der in hiele smelle ‘draai’ fanôf de brêge Dilledyk. In grutte frachtauto of in autobus soe no dy draai nea krije kinne.

Njonken it kafee, rjochting Boazum, wennen de weinmakker en de smid. En ek in kûper. Der wie destiids gâns ‘bedriuwichheit’ yn Easterwierrum! Sa wennen der ek ‘peerdekooplui’. Dat hie te krijen mei de hynstemerk, dy’t hjir holden waard yn begjin juny. (Dit wie flak nei de maaitiidsmerk fan Noarch yn Drinte). Maklik foar elkenien, dy’t yn de simmer noch in hynder nedich hie.

As wy de feart fan de Brêgebuorren bylâns rinne, falt it op hoefolle stalten der destiids wiene. Elk hûs by de feart hie in stalt. Ek de buorlju mochten der gebrûk fan meitsje. Dat stie beskreaun yn de keapakte fan de wenningen, men hie dan ‘rjocht fan paad’ oer in oar syn gerjochtichheit om by it stalt te kommen. Sa hienen de bewenners fan (no) Doarpsstrjitte 25 rjocht fan paad achter de smid, de weinmakker en it kafee, om by it stalt te kommen. Yn dy tiden wie der fansels gjin wetterlieding, gjin elektrysk ljocht, faak allinne mar in reinwetterbak.

De Dille

Rjochting de Dille fine we oan de rjochterkant de Rooms-Katholike tsjerke, boud yn 1926. In moai gebou mei in grutte pastory der njonken. Derachter de tún, dêr’t de prosessy yn holden waard. Dat wie foar ús as bern altyd in hiele belevenis!
Rjochting de Dille, mar dan oan de linkerkant oer it wetter, wie foarhinne it Stalkenest.

It earste hûs op de Dille is in langwerpich gebou. Dit wie foarhinne in molenaarshûs en de opslach siet oan it hûs fêst. Hjir draaide as leste bedriuwsmole yn Baarderadiel “de Goede Verwachting “. It wie in s.n. ‘rog- en pelmole’, dy’t yndertiid in soad wurk hie (neffens de oerlevering). De leste eigner wie de hear J A Lont.

No komme we op de Dille, dêr’t we ‘foar de ynwijden’ trije kafee’s tsjinkomme. Earst foar de brêge oan de rjochterhân, dy is ôfbrutsen. Dan –derachter – in ‘stille kroeg’, dêr’t men klandestyn in kaartsje lizze koe.
En dan – oer de brêge – de grutte iisherberch, dêr’t no de trochreed noch fan oerbleaun is. Hjir waarden de hynders omruile op wei fan Ljouwert nei Snits en omgekeard. Hjir waarden yn strange winters grutte feesten holden en sterke ferhalen ferteld oan de rûne tafel. Tink bgl. oan Atse Gearts fan Tersoal.

Boarne:
Gemeente Argyf Littenseradiel te Wommels (Oud-Baarderadeel)(mei tank oan Jaap Scheffer fan Winsum)