Yn de hjerst fan 2015 kaam Joast Stoelinga by Fûgelwacht Easterwierrum mei in bysûnder idee. Syn plan wie om in Swelletille en twa peallen mei triedden meitsje te litten, spesjaal foar de boereswel.

Dizze peallen mei triedden binne in knypeach nei it ferline. Eartiids sieten de boereswellen hjir yn Easterwierrum nammentlik manmachtich op de telefoan- en stroomtriedden yn en bûten it doarp. It idee efter de triedden wie ek dat de swellen earder de wei fine sille nei de nêsten yn de tille.

De Dille, mei syn beammen, wetter, reiden en leech wetter, is in tige geskikt plakje dêr’t de boereswel him thús fielt.

Boubedriuw Bootsma wie ree om it projekt oan te nimmen en keunstner Ids Willemsma, dy’t hjir yn it doarp wennet, waard ek by it projekt belutsen. Hy makke nei eigen ûntwerp de wynfanger foar op de tille en de twa peallen mei triedden.

In Swelletille foar de boereswel yn kombinaasje mei telefoanpeallen en keunst wie eins noch nea earder útfierd. Keunst, kultuer en natuer… in bysûnder projekt!

BoerenzwaluwposterDe boereswelletille is mei mooglik makke troch:

  • Joast Stoelinga
  • Bootsma Boubedriuw
  • Gemeente Littenseradiel
  • Fa. J. van der Meer & Zn.
  • Keunstner Ids Willemsma
  • Cofri Miedema
  • Aldeboarnfûns
  • Tiepie Engineering
  • Fiskkers Natoerreizen
  • Bûn fan Fryske Fûgelwachten
  • Fûgelwacht Easterwierrum
  • Histoaryske Kommisje Easterwierrum