Ald stimpelhokje iisklub Easterwierrum nei museum

Easterwierrum – By it opromjen fan de souder op de pleats fan Germ Boersma oan de Doarpsstrjitte 52 yn IJsclub Oosterwierum, StimpelhokjeEasterwierrum kaam in bysûnder âld stimpelhokje foar it locht . It gong om it hokje fan de eardere ‘IJsclub Oosterwierum’, dy’t allang net mear bestiet.

Doe’t Boersma it hokje bûten delsetten hie foel it yn it each fan de Histoaryske Kommisje Easterwierrum. It wie al gau dúdlik dat it om in âld hokje gean soe, want sels Boersma koe it him net heuge dat hy dit hokje ea sjoen hie. Ek Hedzer van der Meer, as bestjoerslid belutsen by de organisaasje fan de Baarderadieltocht, koe it hokje net in plakje jaan.

Dat dit hokje presys 150 jier nei de oprjochtingsdatum fan de iisklub foar it ljocht kaam is fansels wol hiel bysûnder. Grutte fraach foar de Easterwierrumers wie wat der mei barre moast. Om it hokje fuort te smite soe skande wêze. En wer brûke by de folgjende Baarderadieltocht lei ek net foar de hân, dy hiene ommers krekt in nij hokje timmere.

Sa koe der yn Easterwierrum net in geskikte bestimming fûn wurde. In tillefoantsje mei de famylje Bootsma fan it Eerste Friese Schaatsmuseum yn Hylpen blykte in skot yn de roas te wêzen. Yn it museum hawwe se der wol in plakje foar. In stimpelhokje hiene se noch net yn harren rike assortiment. Op sneon 30 jannewaris waard it hokje op in karre setten en nei Hylpen ferfierd. Yn Easterwierrum binne se der grutst op dat it hokje in moai plakje krigen hat. Op ‘e Skille, nûmer 3 – 10 febrewaris 2016

It is Sneontemoarn 30 jannewaris 2016, 11.30 oere. Elkenien fan de Histoaryske Kommisje is oanwêzich by de pleats fan Germ Boersma om it hokje op de karre te setten fan Hedzer van der Meer. Geart Siesling nimt wat foto’s dy’t dan mailt wurde nei de Skille. Nei it middeisskoft sette Geart, Meint, Piet, Stephan en Hedzer om 13.30 oere yn twa auto’s útein nei Hylpen, op wei nei it earste Reedryd-Museum fan Fryslân! It finen fan it museum is nochal in toer want jo kinne muoilik te plak komme mei de auto yn dit moaie stedsje. We reitsje elkoar sels kwyt. Gelokkich fine we elkoar wer by de stêdspleats fan it rayonhaad fan Hylpen. It hokje wurdt dêr earst yn de skuorre setten foar it yn it museum delsetten wurdt.

Gauke Bootsma en it Rayonhaad fan Hylpen nimme ús ferfolgens mei nei it “kafee”fan it museum, Dêr krije we sa as ôfsprutsen kofje mei gebak en in rûnlieding as tsjinprestaasje.

It is al gau dúdlik dat Gauke in protte kennis en ferhaaltsjes hat oer it reedriden want hy wit it aardich pratende te hâlden. Fansels meie we ek efkes sjen op souder yn it argyf. It is wol dúdlik dat hjir in skat oan ynformaasje leit. It binne allegear mappen en dossiers. Om in oer as fiif sette we wer oan op hús. It wie in tige slagge middei en it stimpelhokje hat boppedat in moai plakje krigen wer elkenien him besjen kin.

Ut namme fan de Histoaryske Kommisje Easterwierrum

Stephan Kurpershoek

Sjoch ek:

Ald stimpelhokje iisklub Easterwierrum nei museum
75 jarig jubileum ijsclub Oosterwierum
Reglement voor de IJsclub Oosterwierum, herzien en vastgesteld op Algemene vergadering, 18 november 1932
www.schaatsmuseum.nl