Yn juny giet it Berne Iepenloftspul yn Easterwierrum wer los mei in prachtich teaterstik. Dit kear sil in bewurking fan de klassiker fan Shakespeare “Macbeth” útfierd wurde.

It stik wurdt spile troch bern út wol 4 gemeentes út Fryslân. It ferhaal is hielendal bewurke nei it no, mei tema’s fan no. De problemen fan de hjoeddeistige konsumpsjemaatskippij en groepsdruk spylje in wichtige rol.

It belooft in wier kulinêr spektakel te wurden: it ferhaal van Macbeth  spilet him nammentlik ôf yn in twa-stjerre burger-restaurant “Skotlân State” fan Duncan fan Groningen, de bekende kok fan’e televyzje.

De spilers sille de “gasten” meinimme yn’e deistige werklikheid, wêr’t freonskip en ienriedigens troch tafallich barren maklik ferfalle ta jaloerskens, hurdens en wreed egoisme.

It wrâldferneamde ferhaal fan Macbeth is tragysk en groulik. Tagelyk kinst net oars as sa no en dan hiel hurd laitsje om hoe ‘t de minske deryn slagje fan it libben sa’n ûnbidige rotsoai te meitsjen.

En bern binne, spitigernôch, yn it deistich libben faak like skrokkerich en wreed tsjin mekoar as de folwoeksenen, dy’t mienden har goede tafelmanieren bybrocht te hawwen.

Dêrom is it foar bern in prachtige útdaging. Undergean it drama fan Macbeth, likegoed as spiler as  publyk… En faaks groeit der oan it ein dóchs noch wat moais út it soadsje, wat wy mei mekoar makke ha.

De bern binne al sûnt febrewaris oan it repetearjen foar de útfierings yn juny.

De útfierings binne op:

  • Premjêre: 20 juny jûns
  • Foarstelling: 22 juny jûns
  • Foarstelling: 23 juny middeis
  • Foarstelling: 26 juny middeis
  • Foarstelling: 28 juny jûns
  • Foarstelling: 29 juny jûns

De kaartferkeap is fan 8 maaie ôf.

Hâld de webside yn ’e gaten, want jim komme dochs ek?

www.berneiepenloftspul.nl