Weromblik ‘Noflike Jûn’ Histoaryske Kommisje ‘De Easterwierrumer Freonerûnte’

Mar leafst sa’n lytse njoggentich minsken besochten de ‘Noflike Jûn’ op sneontejûn 5 maaie. De seal siet dus goed fol ûndanks it moaie waar. Dizze jierlikse jûn foar Easterwierrumers, âld-Easterwierummers en oare nijsgjirrichen mei blykber jier nei jier op mear belangstelling rekkenje. It bysûndere fan dizze jûn, is ek dat der elts jier wer oare gesichten yn de seal sitte.

Nei de ynformaasje en it nijs fan de kommisje, wie it wurd oan Geert Hannink, foarsitter van de Historische Vereniging Raalte. Syn lêzing gie oer de famyljes Douma die út Easterwierrum ferhúzen nei Raalte om dêr in twadde tak fan de timmerfabryk op te rjochtsjen. De Douma Timmerfabryk en de Douma’s ha dêr in tige wichtige skeakel wêst foar de ûntwikkeling fan Raalte.

Nei it skoft wie it tiid foar de presintaasje fan âlde foto’s op in grut skerm. Dizze foto’s binne allegear yn 2017 en begiin 2018 ynbrocht en wiene dus noch net earder te sjen west. De minsken koene dit jier ek aktyf meitinke en nammen opskriuwe en dat levere wer in protte nije ynformaasje op.

As ôfslúter dit jier in âlde film út de jierren ’76-’79. Dizze film kaam út de filmkolleksje fan de famylje Haagsma. Dizze kolleksje bestiet út sa’n 13 films mei dêrop in grut oantal bylden út Easterwierrum. In oantal fan dizze fllms binne foar dizze jûn fersneld digitalisearre. Takom jier wer nije bylden út dizze kolleksje.

We ha ek dit jier wer in oantal goeie tips krigen en dêr gean we ek seker wat mei dwaan. Takom jier wurdt de ‘Noflike Jûn’ alwer foar de 5de kear organisearre en wol op 11 maaie 2019! Mooglik komt der dan ek in middeis-edysje. Oant takom jier! Namens de Histoaryske Kommisje!

Foto’s Geart Siesling

 
Weromblik Histoaryske Kommisje Easterwierrum