Alice falt yn har eigen dream en dêryn moat se besykje om alle dreamen te beskermjen. Se kin dat allinnich dwaan troch eangsten te oerwinnen. En dat is ek de boadskip fan it stik; doar te dreamen. Wy dreame safolle, mar we dogge it net. Sjoch dy eangst om se út te fieren yn de eagen en jaach dyn dreamen nei. Alice yn wûnderlân is gjin kopy fan de bekende films, mar in gehiel eigen ferzje wêryn’t skriuwer Peter Sijbenga it publyk meinimt yn de absurde fantasywrâld fan Alice.

Ferslachjouwer: Johanna Brinkman

Mear ynformaasje folgje dan de link fan Omrop Fryslân of www.bis2018,nl