Oer sa ‘n treie wiken is it sa fier! (12 oant en mei 15 july) giet Spulwike 2021 wer fan start! Dit jier is de 48ste edisje fan spulwike en it tema fan dit jier is Olympyske spulwike! Fansels ha wy as stifting en (haad)lieding der alles oan dien om der in fantastyske wike fan te meitsjen foar de bern!

Wy gean der fan út dat it dan skitterjend waar is om allerhanne, by it tema passende aktiviteiten, te dwaan op it keatsfjild yn Easterwierrum.

De ôfrûne moannen ha we mei een entûsjaste groep lieders neitocht oer it mooglik meistjen fan een leuke, feilige en ferantwurdlike Spulwike. Ek ha wy oerlis hân mei de gemeenten oer de Coronamaatregelen. Dêrom binne der wol wat oanpassingen. Dit betsjut dat wij de bern fan 10.00 tot 16.00 oere ontvange op it fjild en ek net fan it fjild ôf komme. Ek sil dit jier de optocht helaas net troch gean.

Ondanks dat hoopje wy fan herte dat jim as omwenners krekt san geweldige wike ha as de bern. Mochten jo fragen of opmerkings ha, dan kinne jo altiid efkes skilje mei ien fan ús.

Foarsitter: Sanne El van der Vlugt (06-24830316 / easterwierrum@spulwike.frl)

Skriuwster / Ponghâldster: Elizabeth Sijbesma (06-41717487)

Mei freonlike groetnis,
Spulwike Easterwierrum