It lieket noch fier fuort, mar foardat we it witte is it wer safier! De 53e edysje fan spulwike sil fan 14 oant en mei 17 july plakfine. Mei de bern sille wy ús dit jier tusken de piramiden, farao’s en kamielen bejaan. Spulwike spilet him nammentlik dit jier ôf yn Egypte! As stichting en (haad)lieding binne wy al wer drok dwaande om  foar de bern in ûnferjitlike wike op tou te setten.

Yn dizze wike sille wy foar de bern út groep 3 en 4 fan de basisskoallen út de wide omkriten ferskate aktiviteiten organisearje. Dy fine yn haadsaak plak op it keatsfjild, mar ek troch de rest fan it doarp sille wy te sjen en hearren wêze.

De bern binne om 10 oere hinne wolkom wêrnei’t wy begjinne oan ús programma. Moandeis en woansdeis sil de bern rûn 15:30 wer nei hûs ta gean. Op de tiisdeis en tongersdeis slute wy lykas gewoanlik ôf mei in spetterjende optocht, wêrby’t wy ús as een wiere karavaan fanau 17:30 troch Easterwierrum ferpleatse sille. It programma sil disse dagen ûngefear om 18.30 oere einigje.

Derneist ha wy lykas alle jierren op tiisdei en tongersdei pankoek iten mei de bern. Jirfoar binne wy noch op syk nei pannekoekbakkers dy op tiisdei of tongersdei om 16.30 oere pannekoeken bringe wolle by de Tysker. Wol jo ús hjir mei helpe dan kin jo een appke stjoere nei Sietze Stoffelsma
(06-13347489). Wy binne altyd enorm bliid mei alle enthousiaste Easterwierrumers dy’t ús wer helpe mei bakken!

Wy hoopje fan herte dat jimme as omwenners krekt sa’n geweldige wike ha as de bern. Mochten jo fragen of opmerkings ha, dan kinne jo altiid efkes kontakt opnimme mei ien fan ús.

Foarsitter: Tjerk Kingma (06-46693393)

Ponghâlder: Sietze Stoffelsma (06-13347489)

easterwierrum@spulwike.frl

 

Mei freonlike groetnis,

Spulwike Easterwierrum