Oer in wike is it safier! (18 oant’e mei 22 july) giet Spulwike 2022 wer fan start! Dit jier is de 50ste edysje fan’e Spulwike en it tema fan dit jier is op in ûnbewenne eilân! Fansels ha wy as stifting en (haad)lieding der wer alles oan dient om der foar de bern in fantastyske wike fan te meitsjen!

Wy geane der fanút dat it skitterjend waar is om allerhanne, by it tema passende aktiviteiten, te dwaan op it keatsfjild en troch Easterwierrum. De bern binne fanof 10 oere wolkom. Op moandei en woansdei geane sy rûn 15.30 oere nei hûs en op tiisdei en tongersdei om 17.15 oere.

Ferline jier seach de spulwike der wat oars út as oars. Dit jier sil it wer gelyk wêze oan foarofgeande jierren. Dit betsjut dat de bern wer yn it doarp spultsjes dwaan sille en wellicht wol by jimme oanbelje sille tydens us ruilspul. Mochten jimme noch âlde spullen hawwe, gooi it foarol net fuort. Wy soenen hjir erch bly mei wêze. Ek ha wy dit jier wer een optocht troch Easterwierrum hinne. Dizze sil op tiisdei en tongersdei om 16.30 oere plakfine.

Spulwike bestiet dit jier 50 jier en dat betsjut dat wy freed 22 july mei alle bern ut alle doarpen in ekstra dei hewwe yn Wommels. Dêr sille wy dan ek pankoeken ite. Wy binne enorm bliid mei alle enthousiaste Easterwierrumers dy’t us ek dit jier wer helpe mei bakken!

Wy hoopje fan herte dat jimme as omwenners krekt san geweldige wike ha as de bern. Mochten jo fragen of opmerkings ha, dan kinne jo altiid efkes skilje mei ien fan ús.

 

Foarsitter: Sanne El van der Vlugt (06-24830316 / easterwierrum@spulwike.frl)

Skriuwster / Ponghâldster: Elizabeth Sijbesma (06-41717487)

 

Mei freonlike groetnis,
Spulwike Easterwierrum