Oer úngefear twa wiken is it safier! Fanôf 21 july giet Spulwike 2018 wer fan start! Dit jier (fan 21 oant 28 july) bestiet Spulwike 46 jier en it tema fan dit jier is “Superhelden en Stripfiguren“. Fansels ha wy as stifting en (haad)lieding der alles oan dien om der wer in fantastyske wike fan te meitsjen foar de bern!

Wy gean der fanút dat it dan skitterjend waar is om allerhande by it tema passende aktifiteiten te dwaan yn en om Easterwierrum. Dit jier yntrodusearje wy in nij spul wer wy ek jim help by nedich ha as bewenners, namelik it Ruilspul.
Wy litte de groepen troch it doarp gean om te ruiljen, dus ha jim nog guot wat fuort mei of ruile wurde kin, hald der dan alfêst efkes rekken mei.
Dit spul sil plak fyne op moandei en woansdei tusken 13:00 en 15:00 oere.

Wy hoopje fan herte dat jim as ynwenners krekt san geweldige wike ha as de bern. Mochten jo noch fragen of opmerkings ha, dan kinne jo altiid efkes skilje mei ien fan ús bestjoer.

Foarsitter: Sybren Beert de Jong (06-18553797 / easterwierrum@spulwike.frl)
Skriuwster / Ponghâldster: Marije de Vries (06-22379242)

Mei freonlike groetnis,
Spulwike Easterwierrum

Meer ynformaasje oer de Spulwike https://spulwike.frl

De yndieling fan groep 3&4 yn Easterwierrum stiet online