Foarstelling De Emigrant op 10 maart om 15 uur in De Tysker, Skuorrehôfwei 2a, 9021CE Easterwierrum.

Ferkearshinder:
Troch wurk oan de dyk is de Snitserdyk N354 ôfsluten tusken de Blauwe tinte en de Dearsumer rotonde.
Ek de Dekamawei fan Weidum nei Wytgaard is ticht.

Rûte:
Út Ljouwert/Drachten wei de Heak op rjochting Boalsert, dan by Deinum der ôf en daliks linksôf nei Boksum, Jellum, Weidum en sa troch nei Easterwierrum.

Fan de kant fan Hearrenfean ôf by Grou rjochting Jirnsum, dan troch, by Poppenwier lâns nei Dearsum, dêr even rjochting Frjentsjer en by rotonde Yndyk nei Easterwierrum ta.

Ek út Snits wei even de Froonackerdyk op nei Frjentsjer en by de rotonde Yndyk nei Easterwierrum ta.

Konsumpsjes:
De Tysker wurket mei munten, alle drankjes en kofje en tee is ien blauwe munt (2 euro). Wyn en in borrel is oardel munt (oftewol ien blauwe en ien rôze, 3 euro).

Wolle jo safolle mooglik fan te foaren munten helje, dat kin by de automaat yn de bar mei kontaktleas beteljen fia bankpas of telefoan, of mei munt- en papierjild, mar sûnder wikseljild. Ek is der in taffeltsje mei muntferkeap (kontant betelje, mei wikseljild).

Wy hoopje op in moaie middei!

Oant sjen yn Easterwierrum, de Kulturele Kommisje.
Fragen? Belje 058-2501465 of mail nei jan@dattekstbureau.nl.