Op 6 jannewaris 2017 is in delegaasje fan de Histoaryske Kommisje ‘De Easterwierrumer Freonerûnte’ mei de trein nei it Van Loon Museum yn Amsterdam west.

It bysundere fan dit museum is dat der twa portretten hingje fan minsken dy’t yn Easterwierrum wenne ha. It giet om in portret van Dr. Dirk Fogelsangh anno 1591 en om in portret fan Mefr. Catharina van Scheltinga anno 1622. We krigen in persoanlike runlieding troch krigen troch de direkteur fan it museum. De potretten stean ek yn it boek fan ‘Van Fûgelsang tot Fogelsanghstate’ fan Dr. Kees Kuiken, Reinder H. Postma en D.J. van der Meer, De renaissance van een Fries boerenfamilie, 2003.

Oanwêzich Stephan Kurpershoek, Meint Miedema en Piet Boersma. Spesiale gast wie Koen Eekerk. Koen wie noch nea yn Amsterdam west. 

Hjirunder fotoreportaasje fan de dei. Foto’s binne makke troch Meint Miedema.