Op 18 febrewaris 2017 is it bestjoer fan de Histoaryske Kommisje nei de Galamadammen yn Koudum en lânboumuseum Eppinga-State yn Sondel west.

Oanwezich; Nico van der Werf, Piet Boersma, Stephan Kurpershoek, Meint Miedema en Geart Siesling. Spesjale gast Joast Stoelinga. Hy wie ek mei, omdat hy it foar de kommisje finansjeel mei mooglik makke hat om it reklameboerd fan Douma oan te keapjen. 

Hjirunder it programma fan dizze dei:

  • 10.30 oere; Sammelje by Stephan Kurpershoek thus foar in bakje kofje.
  • 11.15oere; Fertrek rjochting de Galamadammen foar in brunch.
  • 13.30 oere; Oankomst by Eppinga-State yn Sondel mei kofje, dit is in streekmuseum yn in alde Hollanske stal mei in protte ald boere-ark mar ek ferskeidene oare alde foarwerpen. Willem Eppinga kin hiel moai fertelle oer it libben eartiids.
  • 17:30 oere; Út iten by De Trilker yn Poppenwier.