Op 4 april 2016 hat de Histoaryske Kommisje Easterwierrum de Âld Toer besocht. Erg leuk om in kear yn de Âld Toer te sjen en fan it útsicht fanút de toer te genietsjen.
De Âld Toer fan Easterwierrum
It stikje terp wie earder folle grutter. Ein 19de ieu is in flink part ôfgroeven en ferkocht nei de lichte grûn. Allinne is tsjerkhôf is noch oerbleaun en op it hôf allinne de toer. Yn 1903 is de tsjerke ôfbrutsen en yn 1911 soe ek de toer tsjin de flakte, mar dat is aldergeloks opkeard. De St. Nikolaastsjerke is boud yn de twadde helte fan de 12de ieu yn de romaanske styl sa’t safolle doarpstsjerkjes yn dizze kontreien set binne. De toer hie oarspronklik in sealtek, mar yn de 18e ieu feroare de moade: se woene him heger meitsje en sa krige er de koarte spits dy’t der no noch op sit. De kontoeren fan de âlde tsjerke binne op de grûn oanjûn, dêrtusken lizze noch inkeld grêfstiennen út de 16e ieu. De tsjerke mei dan no yn it doarp stean, it tsjerkhôf foar de Easterwierrumers fan alle godstsjinstige oersjûgings leit jir noch altyd.
Yn 1985 wie de muorre om it hôf gâns fersakke en oer grutte lingten hielendal ôfbrokkele. Doe hat it doarp in aksje op priemmen set en dy is sa goed slagge dat de hiele muorre, mei de brede trep, wer op’en nij mitsele wurde koe. Ek hat it doarp der foar soarge (yn 1993), dat der wer in liedklok yn de toer kaam. En doe’t de moaie krânse fan iperenbeammen troch sykte stadichoan ferdwûn, kaam der yn 2000 al wer rojaal jild beskikber om nije beammen te plantsjen.
Boppe fan it tsjerkhôf ôf ha jo in pracht útsicht oer it lân. It is dan ek gjin wûnder dat in protte toeristen graach efkes in kuier om de toer hinne meitsje, sa ek keninginne Beatrix.
It mei dúdlik wêze: is hjir in unik plak, fol histoarje.