De Toanielferiening “Op Nij Foriene” hat op freed 10 en sneon 11 febrewaris 2017 it prachtige stik ‘Hertenjeie’ opfierd yn de Tysker. It blijspul waard spile troch; Baukje Boersma, Wietske Cnossen, Hilda Jorna, Tjitte-Symen Reitsma, Jan Terpstra, Edward Terra en Peter Venema; De rezjy & it skript wie yn hânnen fan Trudy de Vos; Lûd & Ljocht: Bert Jan Jansma; Dekor: Doeke Schoustra en Ynstekster: Berber Hoitinga.
De twa jûnen wiene tige slagge. Dit waard mei mooglik makke troch de minsken dy’t hjir boppe beskreaun binne en de frijwilligers dy’t der oan meiholpen ha.
Ha jo noch foto’s of filmkes dy’t makke binne fan it stik ‘Hertenjeie’, stjoer dan even in berjocht nei kopij@easterwierrum.nl. Se krije dan in plakje op de side.