De skoalbern fan basiskoalle de Fôlefinne fan Easterwierrum mochten ferline wike fan de juf nei bûten de natuer yn. Se krigen oan de kant fan de sleat les fan in natuerekspert, dy’t fan alles fertelle koe oer wat de bern fongen yn harren skepnetten. Foar guon wie it ek mei de learzens oan noch dreech om droege fuotten te hâlden…