Mei de Pream troch de Greiden op sneon 3 maaie 2014
Programma:
13.45: Sammelje op it Reade Plein yn Easterwierrum.
14.00: Ekskurzje/fartocht mei Germ Stenekes troch De Greiden fanút Boazum.
17.00: Ein fan de Ekskurzje/fartocht.
17.00-Lekker ite: fleisskroeierij (bbq) yn Boazum!
De kosten foar dit reiske wiene € 40,- euro p.p. inkl.hapkes, drinken en in fleisskroeierij (bbq) nei ôfrin.
Op sneon 3 maaie stie der fartocht mei in pream troch de Greiden op it programma. We hienen moai waar dus it koe trochgean. De fartocht stie ûnder lieding fan Germ Stenekes út Boazum. Nei de kofje koe de reis op de pream oangean. De fersoarging wie troch Germ tige goed regele. Der wie oan drinken en iten net te min oan board. Bokke foarseach tidens de reis elkenien fan syn wietsje en droegje en dus wie de stimming poerbêst. Tidens de reis waard der sels noch in skiep út it wetter helle en rêden. Ta eintsje beslút ha we noch noflik iten en buorrele by Germ thús. Koart sein in tige slagge reiske en seker foar herhelling fetber.