Op woansdei 24 juny binne troch skoalbern fan de Fôlefinne út de heechste groepen fûgelhúskes makke. Dit hat plak fûn by it boubedriuw Bootsma. De fûgelhokjes komme yn en by de nije boarterstún te hingjen. De bern ha de fûgelhúskes makke ûnder lieding fan Broer Boersma. Foto’s binne makke troch Gerben Boersma.