In ûnwennich jier.

Wa kin dit byld net ! It is de dykstimpel ûnder Ferwert fan Ids Willemsma.
Yn de 25 jier dat it hjir “ als een vlieg op een gespierde arm” (Gunnar Daan) stiet, is it útgroeid ta in belangryk byldmerk fan Fryslân. In IKOAN

Ids is in bekinde keunstner yn Fryslan en syn wurk is oars en eigenwiis. Gelokkich mar.

En dan is der samar ynienen in hele soad oandacht en belangstelling foar him en syn wurk.
Hy sjocht der súver fan op. Der komt in eksposysje fan syn nea earder fertoande wurk yn Obe. De dykstimpel komt yn de stiegers en wurdt restaurearre. Der binne lêzingen, muzyk// poëzy, en in gesellige busreis op in moaie snein. Want: de keunstner is jierdei en wurdt santich dit jier. Alle reden foar in tevreden gefoel en in grut feest soene je sizze. Mar nee …. Der binne oare dingen dy’t him pleagje.

Bron: www.omropfryslan.nl/utstjoering/fryslan-dok-fan-29-septimber-2019-1700