Op 29 novimber 2014 ha wy meiinoar it feest fan it 10-jierrich jubileum fan “De Tysker” fierd. Achter it korps oan setten wy op nei “De Tysker”. De bern koene ballonnen oplitte en foar harren wie in apart programma gearstald. Yn ‘e rin fan ‘e middei ha hast alle ferienings in demonstraasje fan harren aktiviteiten jûn. De mage begong by de measten dêrnei aardich te jûkjen en der waard dan ek flink iten fan it stamppot-buffet. Dit foel deryn as in preek yn in âlderling. De jûns koe der noch dûnse wurde op de muzyk fan Weima & v.d. Werf. Tidens it feest is der oan Koen Eekerk in lintsje útdield troch boargemaster Liemburg. Koen krige dit foar syn ynset as frijwiliger by allerhande aktiviteiten.
It jubileum feest is organisearre troch Andre Bootsma, Anneke Monsma, Jarno Hoogenboom, Eric Wiersma en Marianne Visser en de ferienings út Easterwierrum.