Op snein 8 maart 2016 famyljefoarstelling fan gûcheler Minze Dijksma foar 0-100 jier fan 15:30 oant 17:00 oere.
Minze Dijksma hat al mear as tweintich jier ûnderfining as gûcheler. At it no giet om in bernefeestje of in bedriuwsfeest; hy fielt him oeral thús.
Mei in kombinaasje fan magy en drûge humor makket hy elk feest ta in súkses.
Minze Dijksma begûn al op jonge leeftiid met gûcheljen en al rap ûntwikkele hy in gehiel eigen stiel: gûcheljen mei in protte humor. Dat levere him yn 1986 in earste priis op by it Nasjonaal Kongres foar in spesjale âlvestedetocht- ekt.
Yn 1994 wûn Minze mei in optreden yn de 5 uur-show de earste priis yn de talintejacht fan Barry Stevens.
De grutte klapper foar Minze wie it Nasjonaal Gûchel-Kongres fan 1996 in Ljouwert. Hij wûn der mar leafst fiif prizen, wêrûnder it Nederlânsk Kampioenskip. Yn 2004 waard Minze op it Nasjonaal kongres op ‘en nij bekroane foar syn toanieloptreden.
Foto´s binne makke troch Ria Bouhuis.