24 jannewaris om 14.30 oere yn de Tysker.
It wie spannend hoefolle minsken der op dizze suterige sneintemiddei nei de Tysker komme soenen. It oantal reservearringen wie nammentlik net bjusterbaarlik heech. Gelokkich hienen ek in protte minsken bûten Easterwierrum de advertinsjes yn de kranten lêzen want de grutte seal siet nei tefredenheid goed fol.
De Kulturele Kommisje hie foar dizze gelegenheid spesjale Easterwierrumer hynstekontsje-koekjes bakt as presintsje foar de optredende artysten. Hjirfoar moast die deis earst de mal fan it koekje wer by keunstner Ids Willemsma weihelle wurde want oars koe dit spesjale koekje net makke wurde. Nei ôfrin wie te merken oan de reaksjes fan de besikers dat de optredens tige yn de smaak fallen wienen.
Nei ôfrin wie der noch in noflik neipetear yn it Kafee en wie it om 19.00 wer tiid om de boel ôf te sluten.