Ferslach fan de jiergearkomste Feriening fan Doarpsbelang Easterwierrum op woansdei 10 febrewaris 2016 de jûns om 8.00 oere yn multifunksjoneelsintrum “De Tysker”

Notulist: Tryntsje van der Meer. 

Download

Oanwêzich: 40 leden

  1. Iepenjen. 
    Om klokslach acht oere iepent Anneke Monsma (foarsitter) de gearkomste.
    In bysûnder wurd fan wolkom is der foar mefr. J. Liemburg, boargemaster, dhr. J. Folkerts, algemien direkteur, mefr. Lize Cnossen, doarpe-koördinator en mefr. Marja Reijndorp, wethâlder fan Littenseradiel en mefr. Ingrid Wagenaar, stjoergroep doarpe/wykkoördinators yn Súdwest-Fryslân.
  2. Boargemaster Liemburg: Wat is de stân fan saken yn de weryndieling?
    Yn de maitiid fan 2013 hat de gemeente by de doarpen lâns west om oer de needsaak fan weryndieling te praten. Uteinlik hat bliken dien dat ± 60% fan miening wie dat dit dochs wol trochgean moat.  Der binne wol soargen nei foaren kaam en nei oanlieding dêrfan hat de gemeente de notysje “Fan ald nei nij” opsteld.  Der binne amtlike en bestjoerlike wurkgroepen foarme en der wurdt ynventarisearre hoe de ferskillende wurkwizen op elkoar ôfstimd wurde kinne. Der is in oergongsperioade fan 2 jier. De ûntwerpen wurde troch alle oanbelangjende gemeenten besprutsen. De gemeenteried stemt yn april oer it definitive ûntwerp, dan giet it nei de provinsje foar advys en de regearing sil heal 2017 hjiroer beslute. Dan binne der yn novimber 2017 gemeenteriedsferkiezings,
    Foar Easterwierrum is it Bonté de Grootfonds spesifyk. Jierliks wurdt de rinte ferparte ûnder de “earmen”  fan Easterwierrum. De lêste jierren wurdt dit bestege oan it 55+-reiske. As der neat dien wurdt giet it oer nei Súdwest-Fryslân. Der is noch ien bestjoerslid njonken it gemeentebestjoer. Der sit ± € 29.000,- yn de pot. Oer de besteging sil neier besluten wurde. Dit soe ek oan it doarp bestege wurde kinne.
    De bestjoeren fan it Berne-Iepenloftspul en de spulwike ha in wurkgroep foarme om harren te berieden oer de takomst.
    De fraach oer de Stichting Monuminten Behâld Littenseradiel wurdt meinaam. Ek yn Súdwest-Fryslân is in stichting.
    It gemeentenijs wurdt publisearre yn “Op ‘e Skille”.  Dizze wurdt útjûn troch H. Bokma en de gemeente keapet in pear siden yn.
    Ingrid Wagenaar seit dat it gemeentenijs fan Súdwest-Fryslân fia de webside te finen is. Je kinne je abonnearje op de webside, dit is gratis.  Allinne hiel wichtige saken en offisjele bekendmakkingen komme yn it Sneker Nieuwsblad. Yn Easterwierrum wurdt no net it Sneker Nieuwsblad besoarge, hjir sil nei sjoen wurde.
    Klaas-Jan Jorna freget nei glêstried. Der is in nij ynisjatyf om te sjen oft de hele gemeente hjirop oansluten wurde kin.  De provinsje is hjir ek mei dwaande en is yn oerlis mei de KPN. It is wichtich om je te registrearjen, krije je opjefte fan kosten en dêrnei kin noch besluten wurde wat je dogge. (www.littenseradiel.opglas.nl).
    Yn de gemeente Súdwest-Fryslân is in projektlieder doarpekoördinator Littenseradiel oansteld. Per 10 oant 15 doarpen/wiken is der ien koördinator. Der wurkje 6 duo’s. Der binne no 80 doarpen/wiken, der komme yn 2018 15 by. Foar de doarpen/wiken is in wethâlder fêst oansprekpunt. Elts jier is der € 1.000,- beskikber foar in doarp/wyk. Dit moat wol oanfrege wurde. Hoecht gjin ferantwurding foar ôflein te wurden.
    Fierder is der € 300.000,- kwaliteitsjild per jier beskikber. Hjir kin in berop op dien wurde mei in goed ûnderboud plan, mei begrutting ensfh. Nei ôfrin ferantwurding. Oant in bedrach fan € 15.000,- kinne de doarpekoördinators hjiroer beslisse, hjirboppe de gemeenteried.
    Anneke Monsma freget nei de subsydzje foar de boarterstunen. Dizze fraach wurdt meinaam.
    Klaas-Jan Jorna freget hoe ’t it komt mei de skoallen dy ûnder “De Gearhing” falle. Hjiroer nimt “De Gearhing” sels de besluten. De gemeente is ferantwurdelik foar it yn stân hâlden fan it iepenbier ûnderwiis.
    Auke de Vries freget nei de WMO. Wethâlder M. Reynsdorp jout oan dat de sosjale tsjinst al gearwurket mei Súdwest Fryslân. De PGB falt ûnder it sosjaal domein.
  3. Skoft.
  4. Ferslach jiergearkomste 18 febrewaris 2015.
    Hjiroer binne gjin op/oanmerkings.
  5. Jierferslach 2015.
    It jierferslach wurdt troch Tryntsje van der Meer foarlêzen en ek hjiroer binne gjin fragen.
  6. Finansjele ferslagen.
    Doarpsbelang: Oer 2015 is der in batich saldo fan € 4.851,20. Hjiryn sit noch in reservearring foar de Jeu de Boulesbaan fan ± € 3.000,- en noch € 1.000,00 subsydzje foar de histoaryske wurkgroep. Fan in pear fûnsen komt noch jild, en dit soe bestege wurde kinne oan noch in boarterstastel. 
    Behearskommisje: Oer 2015 is der in netto bedriuwsresultaat fan € 1.336,- De hier is omheech gongen en der wurdt tûker ynkocht.
    De jiersifers fan de merke, de badminton “It Hinne en Wer” en jeugdkommisje wurde trochnaam.
  7. Ferslach kaskommisje.
    De finansjele ferslagen binne troch harren neisjoen en goedkard.
    Wol hat de kaskommisje noch inkele opmerkingen oangeande de finânsjes fan de behearskommisje.
    Graach soene sy sjen dat fan makke ûnkosten en rekkentsjes mear bontsjes ynlevere wurde.
    Der is in soad kasjild-ferkear. Yn de munte-automaat komt kontant jild en de kontrôle dêrop is net helder. Der is ôfpraten dat der elts fearnsjier in útdraai makke wurde sil.  De kaskommisje pleitet derfoar om in nije munte-automaal oan te skaffen, dêr ’t allinne mei de pin betelle wurde kin.
    Anneke betanket de kaskommisje foar harren wurk en meitinken. Sjoerd Sypersma is ôftredend. Foar him yn ’t plak komt Joop Bootsma.
  8. Ferslach/ meidielings behearskommisje.
    Jan Schotanus, foarsitter behearskommisje, jout oan dat wy in organisaasje binne dy basearre is op fertrouwen, wol moatte wy mei de tiid meigean.
    Yn it mienskiplik oerlis Doarpsbelang en behearskommisje is besluten om in nije munte-automaat oan te skaffen. Hjir kin kontaktleas, mei de telefoan en ek noch mei gewoan jild betelle wurde. Kosten ± € 3.000,-. Foar de âlde krije wy noch € 1.000,-.  Hjiroer ûntstiet in heftige diskusje. De kaskommisje soe graach sjen dat der allinne noch mei de pin betelle wurde kin.Gjin kontant jild mear. De foarsitter grypt úteinlik yn en slút dit punt. Der sil oantrune wurde om safolle mooglik mei de pin te beteljen. De Doarpshuzen ha it dreech. Wy ha hjir it gelok dat wy oer frijwilligers beskikke en oer fakminsken dy frijwillich meiwurkje.
    Op 1 oktober 2016 sil der wer in grutte himmelaksje organisearre wurde.
    Yn de behearskommisje is ôfskie nommen fan Sylvia de Groot en hat Ditie Schoustra har taak oernommen. Wieke Brandenburgh is it nije oansprekpunt foar feesten en partijen. It keatshokje sil in ynterne ferbouwing ûndergean, de keatsferiening krijt mear plak.
    It Berne-iepenloftspul hat in nij plak. Spilet dit jier op it yndustryterrein. “De Tysker” sil brûkt wurde as klaairomte, Oer de catering moatte noch neiere ôfspraken makke wurde.
    Ta beslút betanket de behearskommisje Anneke, dy ôftredend is, foar har gearwurking en ynset.
  9. Foardracht nije leden.
    Tsjin de nije leden: Bouke van Dijk – Bûtewei 14, Hanneke Boks – Doarpsstrjitte 36, Tefka du Pon – Doarpsstrjitte 9, Peter Venema/Wytske Veenstra – Bûtewei 26, Fam A. Jonker – Skuorrehôfwei 11, Hilbert Bootsma – Doarpsstrjitte 6, Tjitze Miedema – Hegedyk 1, Dietmer de Schiffart – De Dille 6 en Daniëlle Koster – Fûgelsangleane 15 komme gjin beswieren.
  10. Bestjoersferkiezing. 
    Nei 10 jier nimt Anneke ôfskie fan it bestjoer. Petra Miedema ha wy ree fûn in sit yn it bestjoer te nimmen,  Mei applaus wurdt Petra beneamd. Sy wol net de foarsitterstaak op har nimme en yntern ha wy Frank Jorna ree fûn dizze foarlopich op him te nimmen,
  11. Meidielings kommisje “Slachtemaraton 2016” 
    Hedzer van der Meer: De organisaasje fan de Slachte hat foar dit jier it tema “Feest” betocht. Sy wolle graach lâns de hele rûte flachjes ha. Fanút de toanielferiening (Sjoerd Simen de Vries en Trudy de Vos) wurdt hjiroan wurke en sy organisearje op 24 febr. in jûn wêr ‘t elts wolkom is om syn/har stientsje by te dragen.  Joop Bootsma, René Zijlstra en Hedzer van der Meer binne fan doel in soarte fan brêge te bouwen. Hjirop soe muzyk komme kinne te sitten/stean en dielnimmers rinne hjir ûnder troch.  Der komt in wettertaappunt foar de dravers, fersoarge troch Horror út Snits, yn de buorren. Hjirfoar wurde wol frijwilligers socht en ek noch foar ferkearsregelaars (krije ynstruksje) en foar de catering.
  12. Bestjoersmeidielings.  
    a. Boarterstún – Der is noch jild reservearre foar de Jeu de Boules baan en der binne noch in pear subsydzjes ûnderweis. Mooglik kin dêr noch in boarterstastel fan kocht wurde.
    Tige spitich is dat de earste beskadigingen al oanbrocht binne. It boerd mei de nammen fan de jildsjitters en in skommel binne behannele mei brânende peuken. 
    b. A.E.D. – It ôfrûne jier is it sa ‘n 5 kear bard dat de AED út de kast hong. Der wurdt neisjoen oft it griene finkje noch brânt en dan geane wy der fanút dat alles noch goed wurket. Ien kear yn de twa jier wurdt hy neisjoen en dit kostet € 230,-
    Yn april komt der wer in herhalingskursus.
    Auke de Vries stelt foar om ris nei de basisskoalle te gean en de bern hjiroer foar te ljochtsjen. Ek de bern dy hjir komme foar dûnsles en te repetearjen foar BIS soene foarljochte wurde kinne.
    It komt ek foar dat der bern op it dak fan ”De Tysker” klimme. Sy sille ek oansprutsen wurde, sy sette sokke dingen sels op You Tube, dus simpel te trasearen. 
    c. Reade plein – Ferline jier is op fersyk fan doarpsbelang it Reade Plein opknapt.
    Troch in nijjiersbrantsje mei autobannen wie dit net mear skjin te krijen.
    No is der op nij yn de âldjiersnacht brantsje stookt, as dat allinne de krystbeam is en wat oar hout, is dit net sa slim, mar ek no binne der wer âlde autobannen op smiten. Wy steane wer foar itselde feit. Tige spitich
    Ferline jier binne de parren plukt troch de merke. Is der in oare feriening dy dit fan ’t hjerst dwaan wol. Der komme no gjin meldings binnen. Gegadigden kinne harren opjaan.
  13. Wat fierder op it kleed komt.
    Koen Eekerk: Soe der fanút de gemeente yn ‘e hjerst ek in ramtwurk yn it doarp pleatst wurde kinne dêr ’t de blêden yn goaid wurde kinne?
    Doarpsbelang hat hjir in pear jier lyn ek nei frege, mar Littenseradiel docht dit net. Doarpsbelang wol it noch wolris oankaarte. 
    Koen Eekerk: De bern hiene fan ’t hjerst in kuilbulte tsjin de muorre fan skoalle makke, Hy hat dit opromme en it personiel fan skoalle ynljochte. 
    Klaas Jan Jorna: No wurdt yn Weidum wol it fytspaad en stoepe oanpakt en ferbettere en drompels lein. De ferkearsdrompel by Tsjerkebuorren/Doarpsstrjite hat gjin effekt. Hy soe graach sjen dat hjir ek ris wat oan dien wurdt.
    By it bestjoerlik oerlis is ôfpraat dat der nei de simmerfakânsje in smiley pleatst wurdt. Doarpsbelang seit lykwols ta  dit punt by it amtlik oerlis yn maart op de wurklist te setten. 
    Auke de Vries/Stephan Kurpershoek;  De R.K.-tsjerke is sa goed as leech. It doopfont en altaar geane nei it Amelân. It oargel is nei Blauhûs gongen  Fierder gean der mooglk noch dingen nei Wergea/Wytgaard en erfguod kerk en klooster 
    Broer Boersma: freget oft der ek bepaalde dingen, lykas in kersestander foar it doarp beskikber bliuwe, sadat dat mooglik brûkt wurde kin by in begraffenis. 
    Jan Terra jout oan dat hy him hjir sterk foar makket. 
    Petra Miedema: Klopt it dat der blikfangers by it fytspaad lâns de Swette pleatst wurde?  By doarpsbelang is hjiroer neat bekend. 
    Hedzer van der Meer: By it opromjen fan de pleats Doarpsstrjitte 52 is in stimpelhok fan de 150 jier lyn oprjochte “IJsclub Oosterwierum”, foar ’t ljocht kommen. It stimpelhok is op 30 jannewaris nei it Schaatsmuseum yn Hylpen gongen.
    Anneke Monsma wurdt út namme fan it bestjoer en de leden troch Tryntsje van der Meer betanke foar har ynset yn it doarpsbelang bestjoer. Mei troch har ynset en kennis foar it oanfreegjen fan subsudzjes is der hiel wat realisearre yn Easterwierrum. Tige aktyf û.o. by de oanbou fan “De Tysker” en de boarterstún. As oantinken oan de 10 jier kriget sy 2 wynglêzen mei it logo fan Doarpsbelang der yn gravearre.
  14. Sluten.
    Anneke betanket foar it kado en jout oan dat sy it altyd mei in soad nocht dien hat. Om 22.40 oere wurdt de gearkomste, troch Anneke foar de lêste kear sluten.

Âlde ferslagen jiergearkomste feriening fan doarpsbelang Easterwierrum kinne jo fine under Weromblik – Doarpsbelang Easterwierrum.